Wat is Friedoc
Frysk Dokumintaasjesintrum foar Genealogy en Skiednis.
- Friedoc is oprjuchte op partikulier inisjatyf fan de hear
T.G.M. Popma.
- Friedoc is in ideële ystelling dyt net ta doel hat
winst te meitsjen.
- As stiper kinne jo fergees gebrûk meitsje fan de
tsjinsten fan Friedoc
- Binne jo noch gjin stiper, dan freegje wy in lytse
fergoeding.
Wat wol Friedoc.
- Friedoc wol partikuliere samlingen op it mêd fan
genealogy en skiednis fan Fryslân behâlde.
- Nij oanbean materiaal wurdt troch Friedoc yn it systeem
ferwurke en tagonkelik makke foar belangstellenden.
Wat biedt Friedoc.
- Friedoc besit goed ien miljoen advertinsjes, bidprintsjes
ensafh. fan berten, houliken, ferstjerrens, jubilea,
boelgoudden, ferkeapings, fermissings ensafh. fan lang
ferlyn oan no ta.
- Friedoc besit in mânske bibleteek mei in wiidweidige
yndeks. Is in famyljenamme, plaknamme of in saaknamme yn
ús systeem oanwêzich, dan is dy gau werom te finen.
- It Friedocsysteem is in helpmiddel foar elkenien dyt
ynteressearre is yn syn famyljeskiednis en foar persoanen
dyt ûndersyk dogge nei de skiednis fan eigen doarp
of gea.
- De boarnen dêr Friedoc oer beskikt binne iepenbier en
sadwaande yn protte gefallen in oanfulling op de gegevens
fan TRESOAR.